1910 – Fryske Sinterklaas ferskes

Bron: https://www.smulweb.nl/artikelen/55632/Fryske-sinterklaas-ferskes

Ten aanzien van het jaartal is het waarschijnlijk dat deze versjes al lang bestaan. Er is verder geen onderzoek naar gedaan.


Fryske Sinterklaas ferskes

Fryske Sinterklaas ferskes

Buten waeit it, dat it rikket, hark, it gult om hus en hear.
En de rein dy rikketikket, Sinteklaes komt grif net mear.
Mar dochs wolle wy noch hoopje, mulk falt it in bytsje ta;
Of soe Sint mei syn swart feintsje us no goed te fiter ha,
us no goed te fiter ha!

Hark, hwa rint der, berntsjes, suntsjes op syn teantsjes
‘t Lud giet hast al yn ‘e wyn forlern. Mulk is yn it tsjuster
Ien it paedtsje bjuster Kom, ‘k sil efkes hinne om to sjen:
O, biskop, o biskop, Bring us nou jun wat yn ‘e hoas,
Jo kinne wol komme, Wy sliepe as in roas.

Stoute berntsjes, seit er, Krije kibjen, seit er,
En gjin snobguod, seit er, tink der om;
Hwant jim witt’ wol, seit er, Dat ik altyd, seit er,
Mar allinne by de besten kom.
O, biskop, o biskop, Bring us nou jun wat yn ‘e hoas,
Jo kinne wol komme, Wy sliepe as in roas.Oer waljende weagen, oer bruzjende se
Komt Sint mei syn stomboat; d’ald man stiet al re.
De flaggen dy waeije, it sewetter blinkt,
De pipen dy rikje, de stoomfluite klinkt.

Hwet laket syn feintsje de berntsjes al ta!
Syn sniewite tosken, dy blinke den sa.
Hy stiet by it hynder, det knikt mei syn kop.
Twa kleurige tufen, dy waeije der op.

En och, hwet in koffers! de boat suver fol!
For elk in presintsje, hwent Sint is sa gol.
De berntsjes, hja winke sa bliid mei de han:
Dach Sint, en dach Piter! wez wolkom yn ‘t lan!Klop klop, de doar wurdt iependien en der stiet Sinteklaes.
En efter him, hwa komt der oan o hea, ‘t is Piterbaes.
Der stappe hja de keamer yn en Sinteklaes seit: “Bern,
Ik kom alhiel ut Spanje wei om ris by jimm’ to sjen”.

“Wol, wol, binn’ dat nou Jan en Gryt en is dat lytse Geart?
Toe, sjong my ris in sankje foar, ‘k Haw ‘t yn sa lang net heard.”
De berntsjes helje fleurich op, de Sint dy knikt har ta
En seit: Sok sjongen docht my goed, nou sill’ jim’ ek hwat ha”.

“Wolstou, myn beste swarte Pyt, de sek ris iepen dwaen?
Dou moatst oan Geart en Jan en Gryt in lyts presintsje jaen.”
En Piter taest ris yn ‘e sek en jowt hwat boartersguod.
Dan seit de Sint: “Wy hawwe it drok en moatte gau wer fuort”.

“Farwol, farwol, oan ‘t oare jier, dan komm’ wy wer foar fest.
Wes altyd leaf foar Heit en Mem en doch mar goed jim best.”
De hege gast giet nei de doar en winsket elts goejoun,
De keamerdoar giet op en ta en beide binn’ fordwoun.O, moat mem ris sjen, Mem, hwat der yn myn kuorke leit,
Laket it famke, sjoch ek gau ris, Heit!
In poppe mei in strik yn ‘t hier, en skuontsjes fan gled buordpapier,
Derby in fikse sukerman, hwat sizze jimm’ der fan?

O, moat mem ris sjen, Mem, hwat der yn myn kuorke leit,
Laket it jonkje, sjoch ek gau ris, Heit!
In fleanmasine, tige great, mei moaije kleuren, wyt en read,
Derby in fikse sukerman, hwat sizze jimm’ der fan?

O, moat mem ris sjen, Mem, hwat in leave Sinteklaes,
Wol Heit ris skriuwe oan dy alde baesSinteklaes kapoentsje, jow hwat yn myn skoentsje!
Jow hwat yn myn doaske! tanke, Sinterklaeske.Sinteklaes komt op syn hynder ut it fiere Spanje wei,
En hy nimt foar alle berntsjes in hiele protte dingen mei.
En syn feintsje fluch en swart, dy’t de sek fol tropje moat,
Fol mei lytse stoute bern, kin sa boas en brimstich sjen!

Sinteklaes rydt op syn hynder troch de hege wite snie,
En hy harket oan de ruten, oft der ek ien undogensk wie!
Dogeneaten, pas mar op! Hwant hy skriuwt jim nammen op,
Yn it greate, tsjokke boek, en dan krij’jim foar de broek

Mar wy hawwe allegearre hast noch nea untdogensk west.
En wy diene alle dagen earlik altyd fiks us best.
Sinteklaes, forjit us net! liz hwat moais yn klomp of pet!
En wy sjonge: Sinteklaes, libje lang mei Piterbaas!Sjoch de moanne troch de beammen, berntsjes, wes dochs efkes stil,
‘t Is de jun fan Sinteklaes nou, hwat er us ris bringe sil?
O, hwat slacht us ‘t hert nou red, wy moatt’ net to let op bed!
O, hwat slacht us ‘t hert nou red, wy moatt’ net to let op bed!

O, hwat sille wy moai boartsje mei dy poppe en dy wein,
Earlik sill’ wy alles partsje, sukerguod en marsepein;
Mar o we, hwat great fortriet, as der neat yn ‘t kuorke siet.
Mar o we, hwat great fortriet, as der neat yn ‘t kuorke siet.Suntsjes gean de hynstepoatsjes, trippel-trappel, trippel-trap;
‘t Is de hynst fan Sinteklaeske, stippel-stappel, stippel-stap,
‘t Hapke draecht op syn gemak, Sinteklaeske oer it dak!

‘t Hapke kin it paed wol fine, trippel-trappel, trippel-trap;
By it held’re moanne-slydtsje, stippel-stappel, stippel-stap,
‘t Hapke is noch lang net warch, mar ik moat op bed, ha ‘k soarch.

Jaar: 1910